Rubryk Fries Film Archief: Johan Hendrik Zerb

11 sep 2018 - 11:38

Tûzenen âlde films út Fryslân binne de ôfrûne jierren oeral weikaam en nei it Fries Film Archief brocht. De âldste kleurebylden fan Fryslân, grutte kolleksjes fan amateurfilmers: it hat aardich wat peareltjes oplevere dy't Omrop Fryslân sjen lit. Hjoed de earste: bistedokter Johan Hendrik Zerb út Akkrum. In amateurfilmer dy't syn tiid fier foarút wie.

Rubryk Fries Film Archief: Johan Hendrik Zerb

Johan Hendrik Zerb

De Akkrumer feedokter Johan Hendrik Zerb (1920-2001) wie ien fan de bettere amateurfilmers fan Fryslân. Hy wie lid fan filmklup De Kleare Kimen en wie ien fan de kameramannen fan de IJsmarathon, de ferneamde Kleare Kimen-film oer de Alvestêdetocht fan 1963. Syn eigen films produsearre Zerb faak tegearre mei syn frou Siets.

Foto: Fries Film Archief

Dûken

Yn 1955 gong it stel foar de earste kear nei Súd-Frankryk om te dûken. "Fan dat momint ôf hie it libben ûnder wetter harren yn de greep", fertelt dochter Liesbeth van der Heide. Johan woe it fêstlizze wat se dêr ûnder wetter belibben en makke dêrom in eigen ûnderwetterkamera. Mei in figuerseage makke hy it houten omskot. "Dan moatte je wol fertrouwen ha yn je eigen keunsten. Om sa'n djoere kamera yn in houten bakje te setten en mei nei ûnderen te nimmen," fertelt soan Johan Zerb. Hy is ferneamd nei syn heit.

Johan Hendrik Zerb yn Fryslân Hjoed

Dûkklup

Zerb hie in bysûndere hobby foar dy tiid. "Mar hy stie wol foar in probleem. Want do moatst lid fan in dûkklup wêze foardatst soerstofflessen keapje kinst. Mar dy bestiene hielendal net yn Fryslân. Us heit hat dêrom mar syn eigen dûkklup oprjochte, dêr't wy as gesin lid fan wiene." Sa betocht Zerb alles om it dûken mooglik te meitsjen. "Op in gegeven momint hat er ek sels syn eigen boat makke. Dy bûn er dan fêst op it dak fan de auto en sa rieden we nei Frankryk. Oant de auto dat net mear oan koe, doe sakke hy troch de as hinne."

Nei de fakânsje gong er dan in spesjaal keamerke yn om te montearjen, spruts ús mem teksten yn en makke hy lûdseffekten troch bobbels te blazen yn it bad.

Dochter Liesbeth van der Heide

Fisken dûnsje yn it wetter

Tsientallen films makke Zerb yn de jierren dy't folgen. "Nei de fakânsje gong er dan in spesjaal keamerke yn om te montearjen, spruts ús mem teksten yn en makke hy lûdseffekten troch bobbels te blazen yn it bad. Ek socht er de muzyk út foar ûnder de films, wêrtroch't it like as dûnsen de fisken yn it wetter," seit Liesbeth. En sa makken se yn 1962 Bouillabaise, in film mei ûnderwetteropnamen oan de Frânske Rivièra. De film wûn by de Nederlandse Organisatie van Amateurfilmers yn 1963 in twadde priis. De film 'Onzin' wûn yn 1964 de earste priis by it NOVA.

Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat op it stuit sa'n 13.000 films en fideo's yn de kolleksje. Allegear materiaal dat yn Fryslân filme is of in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren groeid omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en te argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en foar it publyk tagonklik te meitsjen.

Trefwurden: 
film Fries Film Archief argyf
(advertinsje)