Hûndert jier âlde brêgen Trekfeart nei grutte opknapbeurt klear

11 sep 2018 - 11:03

De opknapbeurt fan de brêgen oer de Strobosser Trekfeart tusken Dokkum en Gerkeskleaster is klear. De sân brêgen binne mear as hûndert jier âld. Mar de brêgedekken en de fundearringen wiene net mear sterk genôch foar it ferkear fan hjoed-de-dei. Dêrom moasten se oanpakt wurde.

Brêge oer de Strobosser Trekfeart - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje hat der twa jier mei oan de gong west. De opknapbeurt hat miljoenen koste. Deputearre Poepjes iepenet de fernijde brêgen woansdei offisjeel.

(advertinsje)