Fryske flaaksrûte krijt ferfolch
Hûnderten besikers wienen der dizze simmer yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. De flaaksfjilden yn Marrum, de tekstyldrukkerij yn Blije, de tentoanstelling fan Hein Sterk yn Ferwert, de demonstraasjes einekoai meitsjen yn Holwert, it flaaksmuseum yn Ie en it restaurant yn Ternaard: it wie allegearre in sukses.
Skande om dêrmei op te hâlden, sa fynt de organisaasje.
Dêrom wurdt neitocht om de rûte yn 2019 troch te setten. "We denken daarbij aan een aantal Vlasdagen tijdens de bloeiperiode van het vlas", seit Nynke Runia, de inisjatyfnimster van de flaaksrûte.