Kollum: "Strúsfûgelpolityk"

"Sis Sweden en ik sis ABBA, knäckebröd, blonde froulju mei Fikinghelmen en Ikea. Emil fan de Hazelhoeve en Pippi Langkous. Sweden is Stieg Larsson en Ingmar Bergman, Amon Amarth en Björn Borg. Sweden is progressyf, iepen, autentyk, soarchsum en ynnovatyf. Sweden is it lân dêr't elkenien wenje wol. Of miskien moat ik sizze: wenje woe.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Want Sweden is wilens it lân fan it fenomeen brânnachten. Dat binne nachten dêr't jongerein mei molotovcocktails auto's mei yn 'e brân stekt. Net sa lang lyn noch sa'n 22 stiks. It lân ek dêr't it elektrisiteitsbedriuw Högs EL foarich jier it folgjende berjocht útgean liet: 'Troch it oanhâldende feilichheidsrisiko om yn Malmö mei syn geweld en sjitpartijen te ferkearen, sil Högs EL de rinnende opdrachten noch útfiere en dêrnei gjin opdrachten mear oannimme, of der moat in drastyske feroaring plakfine. Wy hoopje dat jo begryp ha foar ús posysje. De feiligens fan ús personiel stiet foarop. Foar dyjingen dy't wenje en wurkje yn Malmö kinne wy allinne mar winskje dat wy inoar ea weromsjogge. Mei freonlike groetnis.' Ik betink it net.
Yn bûtenwiken fan guon stêden rydt de plysje standert dûbeld út, wêrby't ien tiim allinne de parkearde auto fan de patrûljearjende kollega's bewekket. Om mar wer feilich thúskomme te kinnen. Sweden is yn de greep fan kriminele binden. Yn stêden as Malmö en Uppsala binne getto's dêr't de plysje amper doart te kommen. Brânwacht en ambulânses moatte wachtsje op in plysje-eskorte foar't se yn dy hoeken op needsitewaasjes reagearje kinne. Deadlik bindegeweld nimt almar ta.
Deiblêd Trouw bestege dêr koartlyn oandacht oan, en it byld dat út dat artikel nei foaren komt is dat fan in lân yn oarloch. Trouw stelt fêst dat de segregaasje yn de stêden hieltyd skerper wurdt. Ardavan Khoshnood, kriminolooch oan de universiteit fan Malmö, seit dat de absolute mearderheid fan de jeugd dy't yn bindekriminaliteit en fjoerwapengeweld behelle is, út earste en twadde generaasje migranten bestiet. De diskusje dêroer wurdt mijd út eangst foar rasisme. 'Dat is de reden dat de plysje en de feilichheidstsjinsten der net op 'e tiid yn slagge binne it bindegeweld en it terrorisme te begripen.' Boppedat soe in iepen diskusje neffens Khoshnood te foaren komme kinne dat elts dy't him dêr drok oer makket, inkeld net-nuansearre of rasistysk wjerlûd fynt by ekstreem-rjochts.
Want mear as kultuer is marginalisaasje de reden foar it grut tal migranten yn de kriminaliteit. In ûndersyk út 2013 lit sjen dat it sa goed as hielendal op sosjaal-ekonomyske faktoaren werom te fieren is. Dat it bindegeweld dat dêrút ûntstien is sa groeie kinnen hat, komt, neffens Khoshnood, troch de minne organisaasje fan de plysjemacht en de strúsfûgelpolityk fan de oerheid. 'Alles begjint mei in iepen petear,' sa seit er. 'De Sweedske autoriteiten en de media ha altyd tocht dat as wy de diskusje oer de achtergrûn fan de dieders ûnderdrukke it rasisme bestride. Dat belied hat dwersferkeard útpakt.'
En sa kin it barre dat in partij as Sweden Demokraten, fuortkommen út neo-nazistysk gedachtegoed, winne kin, sa't ôfrûne snein bliken die. Strúsfûgelpolityk en sneinsskoalleretoryk meitsje, krekt as sêfte dokters, stjonkende wûnen. Dat der mar lessen út de Sweedske sitewaasje leard wurde meie."