Santjin muzykferieningen wurkje oan Lûd fan de Middelsee

Santjin muzykferieningen wurkje oan Lûd fan de Middelsee
Santjin muzykferieningen, dy't gearwurkje ûnder de namme Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden, meitsje mei-inoar it Under de Toer-projekt Lûd fan de Middelsee. Dat binne lokaasjekonserten dy't begjinne yn it gebiet fan de âlde Middelsee mei it slot op it Aldehoustertsjerkhôf. It is it earste grutte projekt dat de santjin ferieningen mei-inoar meitsje.
Fabian Jansen © Omrop Fryslân, Karen Bies
It projekt bestiet út sân konserten op ferskillende lokaasjes, dy't allegear op deselde dei binne. It publyk kin de lokaasjes op de fyts by del: Hijum, Feinsum, Stiens, Britsum, Koarnjum, Jelsum en Ljouwert.

Mar ien kear

De konserten fertelle in ferhaal. Bouke Oldenhof is de skriuwer fan it ferhaal en Tamara Schoppert regisearret it. It Lûd fan de Middelsee klinkt mar ien kear: op 30 septimber.
De santjin muzykferieningen besteane út fanfaren, brassbands, harmonyen en sels it doedelsekklup Graham Lowlanders Pipes and Drums.

Nynke de Jong en Fabian Jansen

Friezinne Nynke de Jong giet yn de middei op de fyts by de earste konserten del en iepenet dêrnei it slotstik yn Ljouwert. Dêr jout Fabian Jansen in stim oan de Aldehou. Jansen spile earder André Hazes yn 'Zij Gelooft in Mij'.
Ferslachjouwer Karen Bies seach by de repetysjes
Op www.sml.frl stiet mear ynformaasje oer dit Kulturele Haadstêd-projekt.