Measte miljonêrs persintueel op Skiermûntseach

11 sep 2018 - 00:01

Skiermûntseach hie yn 2016 fan alle Fryske gemeenten it heechste oandiel miljonêrs: 2,4 persint fan alle bewenners fan dat eilân hat in fermogen fan mear as in miljoen euro. Dêrnei komme It Amelân (2,3%) en Skylge en Weststellingwerf (elk 2%). Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Yn de gemeente Ljouwert is it oandiel miljonêrs it leechst. Dêr is 0,8 persint fan alle minsken miljonêr. Yn Achtkarspelen en Smellingerlân leit dat krekt wat heger: 0,9 persint.

Yn hiel Nederlân binne der 112.000 'miljonêrshúshâldens'. Sûnt 2006 hawwe dat der net safolle west. Sa'n húshâlden hat in fermogen fan 1 miljoen euro of mear en dêrby wurde de wearde fan de wente en de eventuele hypoteekskuld net meirekkene.

Lanlik bestiet de top 3 út Laren, Blaricum en Bloemendaal, elk mei mear as tsien persint.

Trefwurden: 
Skiermûntseach miljonêrs
(advertinsje)