Auto baarnt út by proefrit yn Haulerwyk

10 sep 2018 - 22:57

Yn Haulerwyk is moandeitejûn in lytse type auto folslein útbaarnd. De bestjoerder makke in proefrit mei de Buggy. Op it Smidsleantsje seach er dat de auto samar ynienen yn de brân fleach.

Foto: Compact Media

De brânwacht fan Haulerwyk wie der gau by, mar de auto wie net mear te rêden. De ynsittenden koene der op 'e tiid útkomme. De brânwacht hat it fjoer mei skom útmakke. It swartbaarnde frame is mei in fierriker fuorttakele.

Trefwurden: 
brân Haulerwyk buggy proefrit
(advertinsje)
(advertinsje)