Glinstra State moat it nije plak foar alle Burgumers wurde

It hat in skoftke duorre foardat it hielendal klear wie, mar Burgum hat yn Glinstra State no alle wolwêzensaktiviteiten ûnder ien dak. Muzykles, yoga, biljerte, koersbal, konserten bywenje, kursussen dwaan, fan alles is mooglik. Moandei wie de offisjele iepening.
Glinstra State moat it nije plak foar alle Burgumers wurde
De brûkers binne bliid mei it ferboude gebou. It monumintale Glinstra State is in ljocht gebou en it is ferboud mei behâld fan alle orzjinele details.
Earder wiene de measte wolwêzensaktiviteiten yn sintrum Kiehool, flak foar Glinstra State oer. Mar dat gebou wie wat tsjuster fan binnen, en minsken hiene dêrom net altyd nocht om dêrhinne te gean. Boppedat hat Kiehool noch altyd de assosjaasje mei jongeresintrum.
Harkje nei de reportaazje
Glinstra State moat in moetingsplak wurde foar alle Burgumers, seit sosjaal-kultureel wurker Kees Koudstaal. Yn it gebou fan Kiehool komt no in útfeartûndernimming.