Weststellingwerf beslút pas letter oer fergunningoanfraach gasboarring

De gemeenteried fan Weststellingwerf nimt dizze moanne noch gjin beslút oer in fergunning foar gasboarjen by Nijeholtwâlde. It kolleezje wol earst witte hoe't eventuele skea ôfhannele wurdt.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Lourens Looijenga
Vermilion wol op it grûngebiet fan Weststellingwerf in boarlokaasje ynrjochtsje. Dêrwei boarje se it winningsgebiet Rottum oan, mar dat gebiet leit dan wer yn de gemeenten De Fryske Marren en Hearrenfean.

Net prinsipieel tsjin

It gasboarjen hat yn Weststellingwerf noch nea in punt fan diskusje west, mar wethâlder Hanneke Zonderland sei moandeitejûn by in kommisjegearkomste dat der wol hieltyd mear krityske lûden binne, wêrtroch't der opnij neitocht wurde moat oer it stânpunt. De gemeente is net prinsipieel tsjin gaswinnings, sei se, mar it kolleezje fynt it wol belangryk dat der in adekwate skearegeling is.
Zonderland hat kontakt hân mei it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat. Tiisdei giet in brief nei de Twadde Keamer oer de ôfhanneling fan skea by lytse gasfjilden.
Minister Wiebes hat earder sein dat it foar omwenners dúdlik wêze moat dat de kosten fan eventuele skea fergoede wurde moatte. "Er moet een landelijke, onafhankelijke afhandeling van de schade komen."

Undersyk nei skeafûns

De minister lit ûndersykje oft der in skeafûns en in uniforme skea-ôfhanneling komme kin troch in lanlik ynstitút mynbouskea.
Om't op 't heden noch in soad ûndúdlik is, stelt Weststellingwerf it beslút oer in omjouwingsfergunning út nei 'letter dit jier'. Sûnder dy fergunning binne de boaraktiviteiten yn striid mei it agraryske bestimmingsplan. De gemeenteried beoardielet úteinlik dus allinnich oft it plan yn striid is mei in goede romtlike oardening.

Yn mear gemeenten

It gasfjild dêr't Vermilion boarje wol, leit ferspraat oer trije gemeenten. Njonken Weststellingwerf binne dat De Fryske Marren en Hearrenfean. Dy twa gemeenten binne tsjin. Mar ek al soe Weststellingwerf úteinlik ek tsjin wêze, dan noch betsjut dat net dat de plannen net trochgean. Zonderland: "Wy kinne mei ús allen tsjin wêze, mar tsjinhâlde is wat oars. Uteinlik giet it ministearje dêroer."
Wethâlder Hanneke Zonderland