Tom van Mourik: "In kasino mei restaurant en poadium foar artysten"

10 sep 2018 - 21:11

In nije gokhal yn Drachten moat oan strange easken foldwaan. Dat sei boargemaster Van Mourik fan Smellingerlân moandei yn It Polytburo. Sa moat der belied wêze as it giet om ferslavingsproblematyk. Ek wol Van Mourik dat de gokhal in sekere alluere hat, mei in restaurant, in poadium foar artysten en eventueel in hotel.

Ferline wike joech de gemeenteried yn mearderheid oan dat der in gokgelegenheid yn Drachten komme moat, nei't soks jierrenlang net mooglik wie. "Ferline wike tiisdei is der moasje oannaam yn de gemeenteried en sûnt dy tiid hat der alle dagen wol ien belle dy't graach in automatehal begjinne wol. Want dat betsjut ek big business."

Nivo

"Ik tink dat tweintich of tritich automaten yn in grutte hal net safolle keunst oan is. Moatst sjen hokker type kasino echt in oanfolling betsjut op it oanbod dat in plak te bieden hat. Sit der in restaurant by of kinne der artysten optrede? Is it in bytsje in leuk nivo?"

Groei

Van Mourik tinkt dat der wol merk foar is yn Drachten. "Frij resint is yn Drachten in wrâldrestaurant iepene mei 560 stuollen. Foar safier't ik wit, sit it dêr alle jûnen sa goed as fol. As ik sjoch nei wat der op de Kaden yn Drachten oan hoareka sit, dan sjoch ik dêr ek in begjin fan in leuke ûntwikkeling. Van der Valk is dwaande mei in plan foar in 35 meter hege toer, foar in part op it plak fan it hotel fan no. Dus dêr sit wol potinsje. Smellingerlân en Drachten groeie. Wat wurkgelegenheid oanbelanget docht Drachten it tige goed. Dêr heart ek in bepaald foarsjenningsnivo by."

Ferslavingsbelied

Van der Horst fan de SP sei dat der sjoen wurde moat nei it maatskiplik draachflak en nei de skulde- en ferslavingsproblematyk. Dat fynt Van Mourik in goede saak. "Moatst mei takomstige ekploitanten yn petear om nei te freegjen wat harren ferslavingsbeleid is."

"Yn in plak fan 45.000 ynwenners, yn in gemeente fan 55.000 ynwenners, in sintrumgebiet fan, ik leau, 150.000 ynwenners is plak foar in kwalitatyf heechsteand en goed kasino."

(advertinsje)
(advertinsje)