Seleksje Aris is kompleet mei twa nije oanwinsten

Basketbalklup Aris hat de seleksje kompleet. De Ljouwerters makken moandei bekend dat se twa spilers oernimme út de jeugdoplieding fan de Litouske klup Tornado KM út Kaunas. De twa trainden al in skoftke mei by Aris.
It giet om spulferdieler Noah Groen en small forward Bjorn de Vries. Dy spilen earder beide by RTC Noord, in opliedingstrajekt foar jonge basketballers.
Oare nije spilers yn de seleksje fan trainer Tony Van den Bosch binne ûnder oare Sjoerd Koopmans en Bas Veenstra. Koopmans komt oer fan it Grinzer Donar en Bas Veenstra fan Zamora, dat op it tredde nivo yn Spanje spilet.

Nije seizoen

Takom sneon spilet Aris de earste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen. ETH Wohnbau Essen is de tsjinstanner yn it Ljouwerter Kealledykje.