Sportoersjoch: Martijn Barto, NK skeelerjen en 100 kilometer hurdrinne

Alle moandeis yn Fryslân Hjoed sjogge we werom op de Fryske prestaasjes yn it ôfrûne sportwykein. Diskear skoot sportferslachjouwer Andor Faber oan.
Sportoersjoch fan moandei 10 septimber 2018
Martijn Barto naam freed ôfskied by SC Cambuur. In dei letter besoarge er syn nije klup ONS Snits de winst.
It NK skeelerjen by Hallum hie in bizar foarfal, dêr't de Fryske titelferdigener it slachtoffer fan waard.
Crosstrainers swimme, drave en fytse op It Amelân.
En hurdrinster Hinke Schokker út Eastermar ferraste elkenien, mar foaral harsels, by de 100 kilometer fan Winschoten.