Jaap de Hoop Scheffer iepenet akademysk jier Ljouwert
De Ryksuniversiteit Grins/Campus Fryslân iepenet tongersdei it Akademysk Jier yn Ljouwert. Dat bart mei de Gemma Frisius-lêzing, dy't dit jier fersoarge wurdt troch Jaap de Hoop Scheffer. It is ek de start fan Campus Fryslân as alfde fakulteit fan de RUG.
De Fryske fakulteit fan Grinzer universiteit set dit jier útein mei de earste twa eigen opliedingen: de bachelor Global Responsibility & Leadership fan it University College Fryslân en de master Sustainable Entrepreneurship. De Hoop Scheffer is ambassadeur fan it University College Fryslân.
Fryslân yn ynternasjonale kontekst
Yn de lêzing sil De Hoop Scheffer it hawwe oer de ynternasjonale relaasjes en dêrby sjocht er ek nei de Fryske regio. De Hoop Scheffer wie earder minister fan Bûtenlânske Saken en sekretaris-generaal fan de NAVO.
Yn Grins hie de iepening fan it Akademysk Jier ek al in Frysk rântsje.
De lêzing is neamd nei Gemma Frisius, (berne as Regnier Gemma) in Dokkumer dokter, wiskundige, kartograaf en filosoof út de sechstjinde iuw. Hy studearre ûnder oare wiskunde en astronomy oan de Katolike Universiteit fan Leuven. Frisius wie de earste wittenskipper dy't de triangulaasje-metoade suggerearre (1533) en de trijehoeksmjitting beskreau, basearre op de eigenskip dat de trijehoeke folslein bepaald is troch in side en de oanlizzende hoeken. Dy metoade wurdt noch hieltyd brûkt yn de lânmjitkunde.