Heit, soan en skoansoan krije wurkstraf foar mishanneling motorrider

Trije manlju hawwe wurkstraffen en in jildboete krigen, nei't se yn april in motorrider op It Hearrenfean mishannele hiene. Dat barde nei't se spul krigen hienen oer in ferkearssituaasje.
Rjochter © Shutterstock.com
De âldste man, 56 jier út Jobbegea, wie mei twa soannen en in skoansoan by it WK IIsspeedway yn Thialf. Doe't se de Heremawei oerstekke woenen, seinen se wat oer it rydgedrach fan de man op de motor. Doe't de passazjier fan de motor dêrnei syn middelfinger opstuts, ûntstie fjochterij.
Om't benammen de âldste soan en de skoansoan it measte geweld brûkten, krigen sy de heechste straf: elk 80 oeren wurkstraf. De heit moat 30 oeren fergees wurkje. Sy moatte ek noch yn totaal 400 euro smertejild oan de motorrider en syn passazjier betelje.
De jongste soan waard frijsprutsen, want hy hie besocht de rûzje del te bêdzjen.