Ynwenner Dokkum wint 10.000 euro yn BankGiro Loterij
In grutte ferrassing foar in frou út Dokkum: sy hat 10.000 euro wûn yn de BankGiro Loterij. Sy waard lêsten ferrast mei it nijs en krige de cheque.
Alle dagen makket de lotterij ien bliid mei 10.000 euro. Der binne 600.000 minsken dy't meidogge oan de BankGiro Loterij. De helte fan de opbringst jout de lotterij oan kultuer yn Nederlân.