"'Kringlooplandbouw' goed idee, mar regels keare alles op"

10 sep 2018 - 16:55
Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Bouboeren en feehâlders moatte folle mear gearwurkje. Soks moat liede ta in saneamde 'kringlooplandbouw'. It is de fizy fan minister Carola Schouten fan Lânbou. Neffens har is dit de bêste opsje om in soad problemen fan no tsjin te gean. Kosteferleging en ferheging fan de produksje liede bygelyks ta it ferdwinen fan natuer en biodiversiteit.

Yn Holwert, flak oan see, wurkje fjouwer boerebedriuwen al langere tiid sa't de minister it graach sjen wol. It giet om twa bouboeren, in feehâlder en in skieppeboer. Se hawwe mei-inoar yn 2001 de feriening Ecolana oprjochte. De boeren hawwe de feriening sels oprjochte mei as doel makliker útwreidzje te kinnen. Der wie net in soad grûn beskikber foar útwreiding, mar troch gear te wurkjen koene de boerebedriuwen inoar helpe. Stadichoan waard dy gearwurking yntinsiver en binne de boeren oerskeakele op in mear duorsume lânbou. Sa rydt de bouboer bygelyks op syn lân dong út dy't ôfkomstich is fan kij fan syn buorman.

Dong

De feriening rint wol tsjin in soad tsjinstridige regels oan. Bouboer Kees van der Bos: "De grutste problemen sitte yn it brûken fan dong. Wy wolle graach dat it op it lân lizzen bliuwt. Dat is folle better foar it libben yn de grûn. Mar dat op it lân lizzen bliuwen mei net." Feehâlder Frans Antonides follet oan: "It moat fuortendaliks ûnder de grûn. Mar krekt as it lizzen bliuwt, soargje de bistjes foar goede grûn. It is in foarm fan buorkjen út it ferline. Eins is dit in moderne foarm fan it âlde, mingde bedriuw. Alles tichteby."

De manlju binne entûsjast oer de plannen fan de minister. Sy fernimme sels hoefolle foardielen oft boeren helje kinne út de gearwurking. Der is allinnich noch wol te min kennis, seit van der Bos: "Benammen oer it libben yn de grûn en hoe't jo dat weromkrije. Wy moatte goed útfine hoe't we dat oan de praat krije, want dan wurde ús gewaaksen better en de kwaliteit heger."

Strie

Somtiden binne der wol drege diskusjes, mar de boeren moatte it iens wurde. Sa wol feehâlder Antonides útwreidzje. Buorman Van der Bos fynt dat goed, mar dan al op betingst dat Antonides goed sjocht nei wat er docht mei syn dong. "Wy wolle dat hy strie brûkt yn de stâl. Dat kinne wy folle better kwyt op it lân", seit Van der Bos. Antonides: "En dat wolle wy ek wol. We wolle no in stâl bouwe der't we dat regelje kinne." Al mei al is eltsenien tefreden oer de gearwurking. It hat ek seker in takomst, sa sizze de beide mannen.

(advertinsje)
(advertinsje)