Op de N355 tusken Noardburgum en De Koaten is by Jistrum in ûngelok bard mei in frachtwein. Dy hat ek auto's rekke en is dêrnei yn de greide njonken de dyk bedarre. Der binne twa minsken ferwûne nei it sikehûs brocht.
Wat der krekt bard is, is noch net dúdlik. Wol is bekend dat de bestjoerder fan de frachtwein fêst kaam te sitten. Meardere brânwachtkorpsen, ambulânses en in traumahelikopter wienen op it plak fan it ûngelok. It ferkear yn de rjochting fan de rotonde by Twizel stie stil.
De frachtwein is troch in berger út Hoogkerk wer oereinset. Under de bergingswurksumheden wie de dyk wol ôfsletten.