Boer Olke oer nije leafde: "Ik bin hiel bliid dat ik har moete ha"

10 sep 2018 - 15:35

Begjin dit jier krige boer Olke in swiere klap te ferwurkjen doe't syn freondinne Karen stoar. Mar hy hat wer in nije leafde fûn, Hilda, en sil trouwe.

Boer Olke en Hilda - Foto: KRO-NCRV, Boer zoekt Vrouw

Boer Olke Jongsma

De boer, oarspronklik fan Aldhoarne, is bekend wurden troch it telefyzjeprogramma Boer zoekt Vrouw. De Middei fan Fryslân belle mei him, fanwege it tiidsferskil is it by him noch moarns. "Ik sit krekt oan in bakje kofje, lekker bûten, mei Hilda." Hy is wer hiel gelokkich mei syn nije leafde. "Ik bin hiel bliid dat ik har moete ha, dat hie ik net ferwachte. Hilda is in Nederlânske frou dy't hjir wennet. Ik woe graach in Nederlânske frou.

Moeting

"Se kondolearre my mei Karen en woe wolris in bakje kofje dwaan. Dat ha we dien en ik ha har útnûge om te iten. Dat ha we in pear kear dien en en it klikte goed." No sil it pear trouwe. "Inpear wiken lyn binne we ferloofd."

Hilda komt fan in tulpebollekwekerij út West-Friesland en wit wat it wurk op in pleats ynhâldt. "Se moast wol wenne, mar wol moai dat se it begrypt, de drokte en dêr bin ik bliid mei. Se hat dêr wol feeling mei."

Trouwerij

Ein dit jier of begjin takom jier is de trouwerij. "Dy hâlde we thús, as it waar meisit." Hilda hat noch gjin jurk. "Safier binne we noch net, we dogge moai rêstich oan." Se wenje ek noch net by elkoar. "Hilda komt in pear dagen yn de wike del, se wennet op twa-en-in-healoere riden hjirwei." Oft se op houliksreis geane, wit Olke noch net. "Dêr ha we it noch net oer hân, miskien in pear dagen."

Stipe

Olke is hiel wiis mei alle stipe dy't er ek út Fryslân krigen hat. "Tank foar alle support, ik ha in soad kaarten krigen mei it grutte ferlies en no ek wer positive berjochten op dit nijs. Dat docht my wol goed."

(advertinsje)
(advertinsje)