Wurkstraf foar helen fan molkpoeier foar lytse poppen

In man út Hurderwyk hat in wurkstraf fan tachtich oeren krigen, omdat er oardel jier ferlyn op It Hearrenfean belutsen wie by de stellerij fan molkpoeier foar poppen.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De man waard mei trije oaren trappearre doe't se doazen mei molkpoeier yn in bestelbus oan it laden wiene. De man út Hurderwyk waard oppakt, de oare trije koene útnaaie. De bussen wiene stellen út in auto dy't flakby parkeard stie, de dieven hiene it achterste rút fernield.
De fertochte seit dat er neat mei de stellerij te krijen hat. Hy soe troch ien belle wêze dy't 'hannel foar him hie'. Foar de goed njoggenhûndert bussen molkpoeier moast er 3.500 euro betelje. De winkelwearde wie goed 11.000 euro.
Sawol de offisier fan justysje as de rjochter konkludearren dat se de fertochte net keppelje koene oan de stellerij. Se fûnen dat wol bewiisd wurde koe dat de man de stellen molkpoeier heeld hat. Hy is ek skuldich feklearre oan fertsjustering: hy wie nei wurktiid en sûnder tastimming yn de bestelbus fan syn baas nei It Hearrenfean riden. Op de bus hie er in falske kentekenplaat set.