Sinezen en Japanners nei mummykelder Wiuwert
Der moatte mear toeristen nei de mummys fan Wiuwert ta komme. Oars is it mooglik yn de takomst finansjeel net mear te dwaan om de mummykelder iepen te hâlden foar publyk. Op it stuit komme der alle jierren sawat seistûzen besikers, mar dat wiene der yn it ferline tsientûzen. En dêr wolle se graach nei werom.
Sinezen en Japanners nei mummykelder Wiuwert
It tsjerkebestjoer fan Wiuwert hat besletten de webside fan de mummykelder oersette te litten yn it Sineesk, Japansk, Ingelsk en Dútsk. En benammen dy earste twa talen moatte foar in ekstra groep besikers soargje. It tsjerkebestjoer hat dêrom ek kontakt opnaam mei reisburo's dy't harren rjochtsje op Sina en Japan.
Harkje nei in reportaazje fan ferslachjouwer Wytse Vellinga
De gidsen sille harren ferhaal allinnich oanbiede yn it Nederlânsk, Ingelsk, Dutsk en Frysk. Foar de Aziatyske toeristen sille der briefkes lizze mei útlis yn de eigen taal. Neffens tsjerkerintmaster Jan Theunis van Berkum hoopje se net dat der likefolle Sinezen nei Wiuwert komme as yn Giethoorn, mar in pear tûzen yn it jier soe tige wolkom wêze.