Foar de echte waadleafhawwer: rûke nei Skier

10 sep 2018 - 14:15

Op Skiermûntseach groeit in soad wettermunt en dat is goed te rûken ast yn de dunen rinst. Sa kamen sjipmakster Evelien en eilanner Ilja Zoneveld op it idee om in sjippe te meitsjen dy't rûkt nei dy eilanner dunen: Schierzeep.

Foto: Natuurmonumenten

'Schierzeep' befettet wettermunt, seesâlt en fjildsaly. De sjippe is inkeld te krijen op Skiermûntseach en yn de webshop fan Werfzeep. De sjippe is biologysk, mei de hân makke, vegan, frij fan palmoalje, plestiks en gemyske middels en wurdt net test op proefdieren.

It is net tastien om de wettermunt mei te nimmen mar wat oerbliuwt fan it meanen meie de makkers meinimme fan de boskwachter fan Natuurmonumenten. De wiete dúnfalleien wurde yn de hjerst meand om foar te kommen dat se tichtgroeie mei beammen en struken. Mei útstjerren bedrige plantsjes as parnassia wurde sa beskerme. Begjin oktober wurdt wer meand.

(advertinsje)
(advertinsje)