Wurkûnderfining opdwaan troch yn de bosken te wurkjen

Sa'n seis minsken dogge túnwurk by bûtens yn de gemeente Opsterlân. It 'boskeprojekt' yn Beetstersweach moat minsken út de bystân wer tichter by de arbeidsmerk bringe.
Wurkûnderfining opdwaan troch yn de bosken te wurkjen
© Omrop Fryslân
Libbe de Vries, wethâlder
Foar minsken, dy't al lang yn de bystân sitte, bliuwt it dreech om wer oan it wurk te kommen. Wurkjouwers stean net om se te springen. Mar yn Opsterlân bliuwe se posityf en geane se mei dizze minsken de bosk yn foar it sân-boskeprojekt. In inisjatyf fan de gemeente om wer yn it wurkritme te kommen en it leafst in reguliere baan te krijen.
De gemeente is yn 2017 begûn mei it 'boskeprojekt' en wol graach in tredde groep starte. Der ha 10 oant 15 man oant no ta oan meidien. It betsjut neffens wethâlder De Vries net fuort dat alle dielnimmers oan it projekt ek in baan fine yn it reguliere wurk, mar dat it belangryk is dat se oan de slach binne.
Jeroen Spiekhout is ien fan de dielnimmers oan it boskeprojekt. Hy hat in skoft wurkleas west en thús sitten. Dat befoel him net goed. Hy fernimt nei 4 moannen yn it boskeprojekt positive effekten. Hy hat der wol fertrouwen yn dat er in reguliere baan krije sil. Hy wol ek alles wol oanpakke, al hat er foarkar foar it wurkjen yn it grien.