Hinke Schokker rapste oer 100 kilometer: "Ik hie noait tocht dat ik him útrinne soe"

10 sep 2018 - 12:47

Noch noait hie se salang draafd, mar snein wie Hinke Schokker (34 jier) fan Eastermar de rapste by de Run van Winschoten, in wedstriid oer 100 kilometer. Se hie 8 oeren en 34 sekonden nedich en wie dêrmei goed trije kertier rapper as de nûmer twa by de froulju.

"Ik makke my net drok"

Yn eardere wedstriden wie 30 kilometer har langste ôfstân en ien kear hat se 41 kilometer draafd. Dat se no samar 60 kilometer fierder drave koe, fernuveret harsels ek. "Ik hie der gjin foarstelling fan en makke my ek net drok. Ik stie der neutraal yn, it wie net belangryk. Ik hie hielendal noait tocht dat ik him útrinne soe. Sterker noch, ik hie noait tocht dat ik winne soe," seit se lakonyk. Nei de wedstriid hie se inkeld lêst fan wat stive fuotten.

Foto: De Vries Media

Hinke Schokker is noch mar twa jier serieus oan it draven. "Op myn 30ste bin ik wat foar mysels begûn, ik woe wat oan myn kondysje dwaan. Letter waard it serieuzer en bin ik mei wedstriden begûn," fertelt de klinysk fysikus yn oplieding yn it UMCG yn Grins. "It wie net de bedoeling om oan dizze wedstriid mei te dwaan, ik hie in skema foar in maraton. Mar ik wol elk wykein in wedstriid rinne en seach in pear wiken lyn op in webside dat dizze wedstriid der wie. It like my leuk om mei te dwaan, mar ha net traind foar de hûndert kilometer."

Foto: Hinke Schokker

De Nederlânske titel wie lykwols net foar Schokker, om't se gjin wedstriidlisinsje hie. "Der wie wol in wedstriidlisinsje oanfrege, mar blykber is dat net goed gien. Wat der misgien is, wit ik net, mar ik fyn dat ek net slim. It hoecht om my net weromdraaid te wurden, dat is ek raar foar de oaren. Ik wol der net in kwestje fan meitsje. De organisaasje hat my frege takom jier wer mei te dwaan."

Hoe no fierder? "Ik wol gewoan alle wiken in wedstriid rinne, fyn wedstriden ek leuk, it sosjale gebeuren deromhinne. En sa'n útslach motivearret wol ekstra."

Hinke Schokker yn de studio - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(advertinsje)
(advertinsje)