Staazje foar bern fan 8? It kin by WoonFriesland

10 sep 2018 - 12:15

Bern fan 8 oant 16 jier út Ljouwert, kinne dizze hjerst koarte staazjes en sollisitaasjetrainingen folgje. Doel is om se hjirmei better ta te rieden as se op lettere leeftiid de arbeidsmerk op sille.

ARGYFFOTO - Foto: ANP

Hjirfoar wurkje JINC Ljouwert en wenningboukorporaasje WoonFriesland gear. JINC is in lanlike organisaasje dy't bern lykweardige kânsen jaan wol. It projekt sil benammen bern út efterstânswiken benaderje. Sy kinne by WoonFriesland staazje rinne.

De bern kinne by de wenningboukorporaasje bygelyks meirinne mei in ûnderhâldsmonteur of in buertbehearder. Sa kinne se in byld krije fan ferskate beroppen. De sollisitaasjetrainingen krije de jongeren op skoalle, fan personielsmeiwurkers fan WoonFriesland.

Yn byld

Sigrid Hoekstra is, direteur-bestjoerder fan WoonFriesland. Sy is bliid mei de gearwurking. "Door jongeren een kijkje in onze keuken te geven, hopen wij ze een wenkend perspectief te bieden, een idee van waar ze qua baan naar toe kunnen werken. Dat is iets wat niet iedereen van huis uit meekrijgt. Daarnaast geeft het ons de kans om contact te hebben met jongeren. Zo krijgen wij zicht op hoe die kijken naar wonen in de toekomst en wat leefbaarheid voor hen betekent."

Talintûntwikkeling

Bianca Akkerman, festigingsdirekteur JINC Leeuwarden, seit: "Ik verheug me enorm op de samenwerking met WoonFriesland. Niet alleen omdat het een organisatie is met een sociaal gezicht en stevige wortels in onze regio, maar ook omdat er een grote diversiteit aan beroepen te vinden is. Ik weet zeker dat we samen een waardevolle bijdrage kunnen leveren aan de talentontwikkeling van jongeren."

Trefwurden: 
WoonFriesland JINC Staazje
(advertinsje)