Ombudsman tikket plysje Noard-Nederlân op de fingers

10 sep 2018 - 11:34

De Nationale Ombudsman hat de plysje Noard-Nederlân op 'e fingers tikke. Neffens de Ombudsman hat de plysje de meldingen fan in man net goed ôfhannele.

It plysjeburo yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man hie tusken 2010 en 2016 meardere meldingen fan ynsidinten dien by de plysje, ûnder oare tusken him en syn buorlju. Doe't hy frege nei de plysjegegevens hjiroer, kaam hy derachter dat net al syn meldingen registrearre wiene en dat it ek om in oar soart meldingen gie.

'Nood en dood'

De man stapte nei de Nationale Ombudsman. Neffens him hat de plysje de saneamde 'nood en dood' regeling by him tapast. Dat betsjut dat ien allinnich by need kontakt opnimme mei, mei de plysje. De man wist net dat dy regeling by him tapast waard.

Neffens de Nationale Ombudsman hat de plysje dit de man net of net goed genôch dúdlik makke. Boppedat waarden alle meldingen fan de man troch ien en deselde plysje-amtner ferwurke en dat is net gebrûklik. De Ombudsman fynt dat de plysje net jierrenlang in aparte wurkwize fia in fêste meiwurker brûkt mocht hie.

Trefwurden: 
plysje ombudsman
(advertinsje)
(advertinsje)