Fries Museum ekstra iepen fanwege 5-jierrich jubileum

10 sep 2018 - 11:20

It is alwer fiif jier lyn dat het Fries Museum op de nije lokaasje oan it Wilhelminaplein de doarren iepene. Om dat te fieren hat it museum besluten om op tongersdei 13 septimber ekstra lang iepen te wêzen.

'Relativiteit', houtsnede út 1953 - Foto: www.mcescher.nl

Tusken 19.00 en 21.30 jûns kinne besikers de populêre tentoanstelling 'Escher op Reis' sjen. Dêrnjonken binne der ek noch in soad oare aktiviteiten lykas in tekenworkshop 'optische illusies'.

Trefwurden: 
Fries Museum Ljouwert
(advertinsje)