'Fryske bedriuwen te passyf'

06 nov 2011 - 15:10

Fryslân driget de boat te missen as it giet om it berikken fan minsken dy't as toerist in bestimming sykje. Undernimmers binne te passyf op ynternet, telt bysûnder heechlearaar eMarketing en Distance Selling Cor Molenaar fan de Erasmus Universiteit. Molenaar spruts yn Ljouwert oer dit ûnderwerp. Sa soene der folle mear saneamde 'apps' komme moatte. Dat binne lytse programma's foar op de mobile tillefoan. Ek de websites kinne en moatte folle better, fynt Molenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)