Ljouwerter slachterij Vion wer iepen

10 sep 2018 - 07:58

De grutte slachterij fan Vion yn Ljouwert is moandei wer iepengien. De nije slachterij moast nei in pear moanne al yn maaie fan dit jier de doarren slute.

Foto: Vion

It tal slachte bisten dat ôfkard waard lei heger as op oare lokaasjes, wie de konklúzje fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Neffens Vion gie it om 'bernesykten' yn de technyske ynstallaasje. Der binne no ferskate oanpassingen dien yn de slachterij. Sa is de ynrjochting ferbettere, wêrtroch't de kij better beoardiele wurde kinne.

Neffens wurdfierder Benno Bruggink fan de NVWA sil fan dizze wike ôf besjoen wurde oft de oanpassingen yn it bedriuw foldwaande binne foar de keuring fan de kij en oft it tal ôfkarde bisten dan op itselde nivo leit as op oare plakken.

2500 kij

De 50 meiwurkers fan Vion Ljouwert komme safolle mooglik werom yn septimber. By it bedriuw sille úteinlik alle wiken 2500 kij slachte wurde. It is it grutste slachtbedriuw foar de noardlike provinsjes. Vion hat ek yn Tilburg noch in koweslachterij. Yn Boxtel, Groenlo en Apeldoorn hat Vion in bargeslachterij. It is yn Nederlân en Dútslân de grutste fleisprodusint en it is de nûmer trije yn Europa.

Trefwurden: 
NVWA Vion slachterij
(advertinsje)