Marit Bouwmeester mikt op Olympyske Spelen

10 sep 2018 - 07:42

It wurdt in spannende wike foar Marit Bouwmeester fan Warten. Op it Olympyske wetter fan Enoshima yn Japan kin de sylster har kwalifisearje foar de Olympyske Spelen, dy't oer twa jier yn it lân hâlden wurde.

Foto: Sailing Energy / World Sailing

Bouwmeester moat op it wrâldbekertoernoai by de earste fjouwer einigje om de kwalifikaasje wis te meitsjen. De trijefâldich wrâldkampioene wol yn Enoshima benammen mear yn de kunde komme mei de omstannichheden dêr.

"Dit plak is miskien net sa útdaagjend as Rio 2016, mar wol folle útdaagjender as wy earst tochten. Dêrby komt: as it maklik is, is it foar elkenien maklik en dat makket it wer dreech. Wy binne fan doel om hjir noch in soad tiid op it wetter troch te bringen, om safolle mooglik sitewaasjes mei te meitsjen. Ik gean der fanút dat ik wer meidwaan sil foar de oerwinning. It ôfronden fan de olympyske seleksje soe dan in logysk gefolch wêze moatte."

Marit Bouwmeester waard koartlyn op it WK yn Aarhus twadde.

Trefwurden: 
Marit Bouwmeester silen
(advertinsje)