Suïside ûnder Fryske jongerein nimt ta

10 sep 2018 - 17:20

Sjoerd Steegstra kin it neifertelle. Op de bank, neist de foto fan syn mem, fertelt er iepen en earlik syn ferhaal. Hy docht dat ek op skoallen. It is in ferhaal dat yndruk makket. Sjoerd docht dat omdat er hopet dat minsken deroer prate. Want dat is iennichste wat helpt.

Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ik libbe yn twa wrâldsjes, ik sakke hieltyd fierder fuort.

Sjoerd Steegstra

Sjoerd sels koe der net oer prate. Syn mem rekke slim siik doe't er 13 wie. "Ik libbe yn twa wrâldsjes, ik sakke hieltyd fierder fuort", seit er.

Yn 2016 wiene it 48 jongeren, yn 2017 81 jongeren dy't sels út it libben stapten. Dat binne de lanlike sifers. In dúdlike ferklearring is der net. It tal gefallen fan selsdeadzjen ûnder minsken tusken de 10 en 20 hat hjirfoar noch nea in grutte taname sjen litten.

Minister Paul Blokhuis fan Folkssûnens wol witte hoe't dat kin. Yn Ljouwert is moandei in grut kongres oer it foarkommen fan selsdeadzjen. Der wurde 100 nije gatekeepers oplaat. Sy wurde traind om earder sinjalen te werkennen en besprekber te meitsjen.

Sjoerd wurket alwer in skoft by de GGZ as erfaringssaakkundige. Yn syn wurk sjocht hy ek hieltyd mear jongeren dy't it net mear sitten sjogge. Neffens him is it lestich om ien reden te jaan, mar hy tink dat iensumens in grutte rol spilet.

Mei Sjoerd giet it goed. Hy kin syn aai goed kwyt yn de Fryske muzyk en spile dit jier noch mei sukses de haadrol yn it iepenloftspul Rêdbâd, dat oar jier fanwege it grutte sukses op nij spile wurde sil. It beste advys dat hy jaan kin is: praat, praat, praat. Ek al liket it net stoer, as it der is, dan is it der en dan kinst der mar better wat mei dwaan.

Hasto help nedich, dan kinst altyd kontakt opnimme mei de Stichting 113 Zelfmoordpreventie fia 0900 0113 (24/7 berikber) en 113.nl. Moandei om 17.00 oere skoot psychiater Ingrid Overmeer oan yn it telefyzjeprogramma Fryslân Hjoed. Sy fertelt mear oer de sifers.

Trefwurden: 
kongres jongeren suïside
(advertinsje)
(advertinsje)