Rekôr foar Admiraliteitsdagen yn Dokkum: 85.000 besikers

Der ha dit jier 85.000 besikers west by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum. Dat is in flink rekôr. In jier lyn wienen der 60.000 minsken en dat wie doe ek al mear as ea.
© Omrop Fryslân, Douwe Boersma
De achtste edysje duorre fan ôfrûne tongersdei oant snein. By it foarútsjen op it evenemint ferwachte foarsitter Jan-Michiel van der Gang al in nij besikersrekôr. "We groeie alle jierren mei sawat tsien persint", sei Van der Gang doe. Dat is dit jier dus noch mear as oars.
Sneontejûn wie it sels sa drok yn Dokkum, dat de organisaasje op publyk oprôp om net mear nei De Syl te kommen. Dêr koe gjinien mear by.

Hichtepunten

Omrop Fryslân hat de konserten op freed en sneon live útstjoerd, yn gearwurking mei streekomrop RTV NOF. We ha in pear hichtepunten op in rychje set:
Wetter, Klaai en Sân
Music
Maarten van der Weijden komt oan yn Dokkum
Omarm Me
Bloed, Zweet en Tranen