"De koning is ontzettend onder de indruk van de voorstelling"

"Geweldich moai!", "ûnder de yndruk" en "mear toaniel as yn Faderpaard". Samar in pear reaksjes fan besikers fan de premjêre fan De Stormruiter. Op it ynsidint mei in hynder dat blessearre is nei, is de crew tefreden oer de feestlike jûn.
In pear reaksjes fan de spilers en besikers:
Premjêre De Stormruiter - reaksjes
Stormruiters © Omrop Fryslân
Annemaaike Bakker (spilet de frou fan Hauke) wie wol skrokken nei it ynsidint mei it hynder yn it begjin fan de foarstelling. "Ik hie wol in blok yn de mage, mar tocht okee it rint troch. We spylje troch, en doe hie ik der ek wol wer plezier yn. Yn de pauze ha ik fuort frege hoe't it mei it hynder wie." It die bliken dat it om in kniezing gie.
Wat hat se meikrigen fan de reaksjes? "Myn âlden binne grutsk! We ha earkes yn by de foarstelling, dat ik hear net sa goed wat it publyk fynt, mar soms hear ik se laitsjen en as ik dat sels troch de earkes hear dan moat it wol goed wêze en ik leau dat se it leuk fine."
Stormruiters © Omrop Fryslân
Jelle de Jong (spilet Hauke) wie hiel bliid nei ôfrin fan de premjêre. "Het ging heel goed, mijn moeder was blij, de koning was blij, dan ben ik ook blij. De koning was erg onder de indruk zei hij, hij vond het geweldig weergegeven. En om een mooi onderdeel van de Nederlandse geschiedenis op deze manier verbeeld te zien. Prinses Beatrix was helemaal in love met Judith Pietersma en haar paard Limited Edition, ze aaide hem en zei 'jij bent de mooiste en de liefste' uit het liedje."
Stormruiters © Omrop Fryslân
Joop Wittermans (spilet de heit fan Hauke) wie tefreden. "It gefaar wie dat it in 'paardenspul' mei in ferhaaltsje wurde soe. Om dat lykwicht te finen wie in grutte striid, mar de hynders passe yn it ferhaal, dat is goed slagge."
Stormruiters © Omrop Fryslân
Neffens regisseur Jos Thie is it in foarstelling dy't je meimeitsje moatte. "Dit is niet te vatten op film of televisie. Het is een ervaring, die moet je zien, horen, ruiken en voelen. Het is een bijzondere gebeurtenis wat je niet kunt vergelijken met iets anders."
It wie net tastien om opnamen te meitsjen by de premjêre. De teäterfoarstelling De Stormruiter is ein dit jier wol te sjen by Omrop Fryslân. Sa kin elkenien dy't it hynstespektakel dizze wiken misse moat en besikers dy't noch in kear neigenietsje wolle it stik besjen. Foar de registraasje fan it teäterspektakel, dat yn septimber en oktober opfierd wurdt, wurket Omrop Fryslân gear mei Omroep MAX.
It ferhaal fan De Stormruiter giet oer de ivige striid fan Nederlân tsjin it wetter en de bysûndere ûntsteansskiednis fan it Fryske hynsteras. Yn it teäterstik binne rollen foar ûnder oaren Ellen ten Damme, Jelle de Jong, Freark Smink, Hilbert Dijkstra, Joop Wittermans en mear as hûndert Fryske hynders.