Grutte drokte op earste Rasterhoff Festival yn Snits

It earste Rasterhoff Festival yn it Rasterhoffpark yn Snits hat snein foar grutte drokte yn it park soarge. Der kamen folle mear besikers op it festival ôf as yn it foar tocht. It wie op in bepaald stuit sels sa drok dat de offisjele parkearplakken by it park fol wiene en minsken harren auto oan wjerskanten fan de tagongsdyk parkearren. De organisaasje wie dan ek tige tefreden oer de opkomst.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Ferslachjouwer Wytse Vellinga wie ek op it festival
Op it festival draaide it folslein om duorsumens en hoe om te gean mei ôffal. Der stiene tsientallen kreamkes mei duorsume produkten en dêrneist wie der ek in soad ynformaasje te finen oer bygelyks skjinne enerzjy en it better skieden fan ôffal.
Ek wie der in sirkus en in klimpeal foar de bern en edukative spultsjes oer it griener meitsjen fan it deistich libben.
Oft der yn de takomst faker in Rasterhoff Festival hâlden wurdt, is noch net bekend.
Grutte drokte op earste Rasterhoff Festival yn Snits