Hartthijs de Vries wint twa einklasseminten Topcompetitie

09 sep 2018 - 20:44

Hurdfytser Hartthijs de Vries is de einwinner wurden fan twa klasseminten yn de Topcompetitie. Dat is in kompetysje mei acht Nederlânske hurdfytsklassikers. Snein wie yn Kerkrade de lêste fan dy acht wedstriden. De Vries wie oer acht wedstriden de bêste jonge fytser en de bêste klupfytser.

Yn Kerkrade gie de winst nei Peter Schulting, dy't solo oer de streek kaam. Stef Krul út Tsjalbert waard twadde.

Om't De Vries de bêste jonge fytser is, wint er in staazjekontrakt by Team LottoNL-Jumbo. Dy priis hie er nei de sechsde fan acht wedstriden al binnen.

(advertinsje)