Tarieding op jierrenlang wurk oan Ofslútdyk begjint moandei

Automobilisten dy't fan moandei ôf oer de Ofslútdyk moatte, moatte rekken hâlde mei ferkearsoerlêst. Rykwettersteat begjint nammentlik mei in ferskaat oan wurksumheden oan de dyk. Earst is dat by Den Oever en letter ek by Koarnwertersân. De A7 is dan oan ien kant ôfsletten en it ferkear moat oer ien rydbaan.
Ofslútdyk © Shutterstock.com
Harkje nei in petear mei Rykswettersteat oer de wurksemheden
De wurksumheden fan Rykswettersteat binne nedich as tarieding op de fersterking fan de Ofslútdyk. Dat moat de kommende jierren barre. By Den Oever docht Rykswettersteat dêrom earst ûndersyk nei de sterkte fan it asfalt en nei de ûndergrûn dêr't letter ekstra kearslûzen boud wurde.
Moandei is earst de A7 oan de Noard-Hollânske kant, dus by Den Oever, ôfsletten. Dat duorret twa wiken. Dêrnei is de dyk by Koarnwertersân in pear dagen ticht en as lêst op 'e nij de A7 by Den Oever.
It fytspaad op de Ofslútdyk is mei de wurksumheden wol te brûken.

Jierren oan wurk

It wurk fan de kommende moannen is it begjin fan in jierrenlange perioade wêryn't wurke wurdt oan de fersterking fan de Ofslútdyk en in rekonstruksje fan de A7. It is de grutste renovaasje sûnt de Ofslútdyk boud is.
It fersterkjen fan de Ofslútdyk duorret oant en mei 2022. Dêrnjonken komme der ekstra kearslûzen en in gemaal. Dêrmei kin mear wetter ôffierd wurde fan de Iselmar nei de Waadsee.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Yn Harns komt in nij fabryk, dêr't 75.000 betonblokken makke wurde. Dy binne nedich foar it ferheegjen fan de Ofslútdyk mei twa en in heale meter.