Wrâldrekôrpoging suppen yn Ljouwert mislearre

Se kamen massaal, mar net mei genôch. De rekôrpoging om 1000 suppers op it wetter yn Ljouwert by elkoar te krijen, is snein mislearre. Nei de telling die bliken dat sa'n 400 standup-peddelers op harren planken troch de grêften fearn binne.
Wrâldrekôrpoging suppen mislearre
De organisaasje sil folgjend jier op 'e nij besykje it rekôr fan 844 suppers, dat yn hannen is fan Ruslân, te ferbetterjen.
De poging foel op deselde dei as de finish fan de alvestêdetocht foar suppers yn de Prinsetún. De atleten hawwe yn fiif dagen goed 200 kilometer ôflein. De dielnimmers kamen út 30 lannen.