Bestjoerder slim ferwûne nei ûngelok op Wâldwei

09 sep 2018 - 18:07

In automobilist is sneintemiddei slim ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Wâldwei by Nyegea.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder rekke de macht oer it stjoer kwyt, ried tsjin in lantearnpeal op en bedarre dêrnei op de kop yn de sleat.

Ambulânsepersoniel hat de bestjoerder út de auto helle en nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht.

Trefwurden: 
ûngelok Wâldwei Nyegea
(advertinsje)