Bergsma, Van der Schoot en Nicolay winne Marsum mei alles oan 'e hang

09 sep 2018 - 17:52

Marten Bergsma, Kees van der Schoot en Haye Jan Nicolay ha de haadklassepartij troch-elkoar-lotsjen yn Marsum wûn. Yn de finale tsjin Arnold Zijlstra, Dylan Drent, Thomas van Zuiden wie it alles oan de hang. Op 5-5 en 6-6 sloech kening Bergsma in sitbal en dêrmei pakte er de winst.

Foto: Henk Bootsma

Yn de spannende finale wie it begjin foar Bergsma-en-dy: sy pakten in foarsprong fan 2-0. Zijlstra-en-dy kamen werom ta 2-2 en mei in boppeslach fan Drent sels op foarsprong. Van der Schoot die in earst letter itselde en brocht dêrmei de stân wer yn lykwicht.

Bergsma, de kening yn Marsum, sloech dêrnei twa kear in sitbal op 6-6. Dêrmei kaam syn trio op 5-3. Dochs kaam Zijlstra wer werom: earst sloech Drent de bal foarby de keats en op 5-4 en 2-6 helle in opslach fan Bergsma it perk net.

Doe't it alles oan de hang wie, toande Bergsma nochris wêrom't er de kening wie: wer in sitbal. Dêrmei wie de oerwinning binnen.

Nei ôfrin krigen de winners de krânsen útrikt troch Olympysk shorttrackkampioene Suzanne Schulting.

Foto: Henk Bootsma

Yn de heale finale hienen Bergsma-en-dy in steand nûmer. Zijlstra wûn mei 5-3 en 6-4 fan Johannes van der Veen, Pieter Jan Plat en Hendrik Kooistra.

Twadde omloop

Yn in spannende partij yn de twadde omloop wûnen Bergsma-en-dy al mei 5-4 en 6-0 fan Gert-Anne van der Bos, Pier Piersma en Hendrik Jan van der Velde, nettsjinsteande it goede opslachspul fan Van der Bos.

Zijlstra-en-dy wienen yn de twadde omloop te sterk foar Enno Kingma, Allard Hoekstra en Sjoerd de Jong: 5-3 en 6-0.

(advertinsje)