Hinke Schokker wint 100 kilometer fan Winschoten

09 sep 2018 - 17:12

Hinke Schokker út Eastermar hat de Run van Winschoten wûn. Foar de hurdrinwedstriid oer 100 kilometer hie se 8 oeren en 34 sekonden nedich. Dêrmei is Schokker de twad rapste Nederlânske frou ea op de 100 kilometer. It wie foar it earst dat sy sa'n ôfstân rûn.

Foto: Max Pixel

Schokker begûn mei in goed tempo en dat koe it hurdrintalint folhâlde. Mei har tiid fan 8.00.34 wie se goed trije kertier rapper as de nûmer twa by de froulju.

De Nederlânske titel wie lykwols net foar Schokker, want sy hat gjin lisinsje. Dy titel gie dêrom nei Sameena van der Mijden, dy't einige yn 8.47.50.

(advertinsje)
(advertinsje)