Brânwacht hellet ko út de sleat by Eanjum

De brânwacht fan Eanjum hat sneintemiddei in ko út it wetter helle oan de Monnikhústerwei by Eanjum.
© De Vries Media
Krekt foar healwei trijen waard de brânwacht oproppen. Yn earste ynstânsje besochten de brânwachtlju de ko mei in brânwachtslang út de sleat te heljen, mar dat slagge net.
Uteinlik waard der in trekker by helle. Dêrmei koe de ko wol út it wetter helle wurde.