Dan Brown is bot ûnder yndruk fan Eise Eisinga Planetarium

Dan Brown hat snein in besite brocht oan it Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer. Hy wie bot ûnder de yndruk fan planetariummodel dat noch altyd wurket. De kombinaasje fan wittenskip en histoarje spruts him bot oan. Hy koe him amper yntinke dat ien as Eisinga bysteat wie om sa'n yngenieus model te bouwen.
© Joachim de Ruijter
De heit fan de skriuwer wie ek mei. Dy hat Dan as bern in soad oer stjerrekunde ferteld. Direkteur Adrie Warmenhoven hat beide manlju wiidweidich ferteld hoe't it planetarium út de 18de iuw wurket.
© Joachim de Ruijter
De Amerikaanske skriuwer is in pear dagen yn Fryslân fanwege de premjêre fan De Stormruiter, sneontejûn. Hy wie sneon oerdeis yn it Fries Museum en krige in rûnlieding troch de stêd. Ek it planetarium woe er graach sjen.