Joep Staps wint Tri-Ambla op It Amelân, Lex Kiewied is bêste Fries

09 sep 2018 - 13:35

Joep Staps út Tilburg hat snein de Tri-Ambla op It Amelân wûn. It NK crosstriatlon wie dit jier ekstra swier op it strân fanwege de rein fan de lêste dagen. De dielnimmers swimme 1500 meter yn de Waadsee, mountainbike 35 kilometer en drave 12 kilometer troch bosk, dún en oer it strân. Staps hie dêr 2 oeren, 39 minuten en 37 sekonden foar nedich.

Lex Kiewied

Lex Kiewied einige as sânde yn 2.47.52. De Amelanner wie foarich jier twad en om't de winner fan doe no net meidie, seagen in soad minsken him as kânshawwer. Dat er by de bêste tsien einige is, stimt him hiel tefreden. "Het strand was zwaar, het ging om tactiek, je moest de goede keuzes maken. Ik maakte een fout door te vroeg naar de strandkant te gaan." Op papier wie Staps yn it foar al favoryt.

Kiewied wie wol de bêste Fries dit jier. Hy die foar de 14de kear mei en hat mar in pear kear mist yn de 17 edysjes dy't der west ha. "Aan zo'n evenement op mijn eigen eiland doe ik graag mee." Yn de winter sil er wer traine foar de folgjende edysje.

Foto: Omrop Fryslân, Freark Wijma

Silvia Brouwer

By de froulju wie Silvia Brouwer fan It Hearrenfean (earder It Amelân) de bêste Friezinne, se waard twad yn 3 oeren, 25 minuten en 38 sekonden. Bêste frou wie Ingrid van Lubek út Hilversum. Sy hie goed fjouwer minuten minder nedich: 3.21.11.

"Ik was gebrand op goud, maar dat zit er net niet in", sei Brouwer nei ôfrin. "Ik ben wel heel erg blij met zilver, dit is mijn beste prestatie ooit." It ferskil mei de nûmer ien wie lang net grut. Se hie in gat fan oardel minút tichtriden, mar op it strân gie it mis. "Ik ging snel naar de waterkant, maar het was echt zuigend zand en Ingrid maakte de betere keuzes, ging dieper door het water en sloeg zo een gat van drie minuten." Takom jier is Brouwer wer fan de partij.

(advertinsje)
(advertinsje)