Fersieringen doarpsfeest fan Donkerbroek binne fernield

Yn Donkerbroek binne yn de nacht fan sneon op snein de fersieringen fan it doarpsfeest fernield. Buorden en poppen binne fernield en ferljochting is ek stikken makke en ferdwûn.
It guod hong en stie by de strjitten fanwege it doarpsfeest dat ien kear yn de fiif jier hâlden wurdt. De fernielingen wienen ûnder oaren oan de Kapellewei.
Nei alle gedachten hat jeugd him, op wei nei omlizzende doarpen, mooglik skuldich makke oan it fandalisme. De lêste dei fan it doarpsfeest is snein.