Waadhoeke warskôget foar drankmisbrûk by Agraryske Dagen

09 sep 2018 - 11:51

De gemeente Waadhoeke warskôget yn in brief âlden fan minderjierrige jongeren foar drankmisbrûk by de Agraryske Dagen. Neffens de gemeente is der foarich jier in opfallend soad alkohol dronken. Guon jongeren binne doe yn kritike tastân yn it sikehûs yn Ljouwert bedarre.

Yn it brief skriuwt de gemeente ek dat foarich jier filmkes fan dronken jeugd op Facebook en oare sosjale media ferskynd binne. Soks kin pestgedrach en sjantaazje útlokke. De gemeente ropt âlden op om it probleem besprekber te meitsjen. De Agraryske Dagen wurde fan 19 oant en mei 23 septimber hâlden yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
drank misbrûk Waadhoeke
(advertinsje)
(advertinsje)