Pikefel en oade oan Frysk hynder: reaksjes op De Stormruiter
De Stormruiter is sneontejûn yn premjêre gien, mei as keninklike earegasten prinses Beatrix, beskermfrouwe fan it Koninklijk Friesch Paarden Stamboek en kening Willem-Alexander. Nei moannen fan hurd wurkjen koenen de hûnderten meiwurkers en fansels de hynders sjen litte wat se makke hienen fan it stik dat basearre op it Dútske boek 'Der Schimmelreiter'.
Wat fûn it publyk derfan? Pikefel, oade oan Frysk hynder en bot ûnder de yndruk: in pear reaksjes op Twitter.
De teäterfoarstelling De Stormruiter sil ein dit jier ek te sjen wêze by Omrop Fryslân. Sa kin elkenien dy't it hynstespektakel dizze wiken misse moat en besikers dy't noch in kear neigenietsje wolle it stik besjen. Foar de registraasje fan it teäterspektakel, dat yn septimber en oktober opfierd wurdt, wurket Omrop Fryslân gear mei Omroep MAX.
It ferhaal fan De Stormruiter giet oer de ivige striid fan Nederlân tsjin it wetter en de bysûndere ûntsteansskiednis fan it Fryske hynsteras. Yn it teäterstik binne rollen foar ûnder oaren Ellen ten Damme, Jelle de Jong, Freark Smink, Hilbert Dijkstra, Joop Wittermans en mear as hûndert Fryske hynders.