Skiep op de rin troch fjoerwurk by wykfeest yn Ljouwert

09 sep 2018 - 07:22

Skiep yn de Ljouwerter wyk Zuiderburen binne sneontejûn sa bot skrokken fan it fjoerwurk by it wykfeest dat se op de rin gien binne. De bisten stienen op in stik lân oan de Wite Mar, net fier fan it plak ôf dêr't de fjoerpylken de loft yn gienen.

Foto: Johan Karelse

De plysje waard warskôge en fûn de 200 bisten achter yn de Offemar. Trije plysjeminsken ha de keppel fan de Wylde Weide yn de gaten hâlden oant de hoeders der wienen. Om goed tsien oere stienen alle skiep wer op har eigen plak, yn de ôfsletten greide.

Foto: Johan Karelse
(advertinsje)