Premjêre De Stormruiter "was een hele bizarre avond"

09 sep 2018 - 02:58

De earste publyksreaksjes op de premjêre fan De Stormruiter wiene fantastysk. Dat seit regisseur Jos Thie. Der foel wol in skaad oer de foarstelling, omdat ien fan de hynders ferwûne rekke.

"Het was echt een bizarre avond. Dat zul je altijd zien, dat er iets misgaat. Dit is nog nooit gebeurd. Maar gelukkig blijft het beperkt tot een flinke kneuzing", seit Thie. "Wij allemaal, 200 mensen hier, hadden een knoop in de maag."

Kening Willem-Alexander en prinses Beatrix wienen earegasten by de premjêre. Nei ôfrin praten se mei spilers en oare meiwurkers fan De Stormruiter.

De Stormruiter giet oer de ivige striid tsjin it wetter. Der dogge mear as hûndert Fryske hynders yn mei, en der binne rollen foar akteurs as Ellen ten Damme, Joop Wittermans en Freark Smink. Oan de ein fan it jier is it teäterstik by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

Trefwurden: 
De Stormruiter
(advertinsje)
(advertinsje)