"Kom net nei de Admiraliteitsdagen, it is te drok"

08 sep 2018 - 23:02

It is sa drok by de Admiraliteitsdagen yn Dokkum, dat de organisaasje it publyk opropt om net mear nei De Syl ta te kommen. Om 22:00 oere hinne koe dêr net ien mear by. Op De Merk is wol genôch plak. Dat meldt de gemeente Dongeradiel.

Omrop Fryslân is by de Amiraliteitsdagen yn Dokkum. We stjoere it konsert fan sneontejûn, mei optredens fan André Hazes en Waylon, rjochtstreeks út. It wurdt jûn ûnder de namme 'Adje and Fiends'.

Omrop Fryslân wurket gear mei tsientallen frijwilligers fan streekomrop RTV NOF. De programma's fan de streekomrop binne al jierrenlang in begryp yn de regio, en dan benammen as it giet om de registraasje fan de Admiraliteitsdagen.

Trefwurden: 
Dokkum admiraliteitsdagen
(advertinsje)