Hynder rekket kreupel by premjêre De Stormruiter

By de premjêre fan it teäterstik De Stormruiter is ien fan de hynders fallen, en ferwûne rekke. Dat barde oan it begjin fan de foarstelling, wylst meardere hynders yn hurde draaf en galop troch de pyste draafden. It hynder bleaun nei de fal in skoftsje op de grûn lizzen. It publyk skrok derfan.
It gong mis doe't in stuntman op it hynder besocht te klimmen, wylst der ek al in ruter op siet. It hynder ferstapte him, en kaam tsjin de râne fan it dekôr oan. Der wienen op dat stuit in protte hynders yn de pyste.
It dekôr fan De Stormruiter © Omrop Fryslân
De stuntman kaam ûnder it hynder telâne. Hy moast behannele wurde troch medysk personiel, dat oanwêzich wie yn it WTC. Der is gjin ambulânse oproppen, al tochten minsken fan de organisaasje wol even dat dat nedich wie.
Nei de fal besocht de ruter wer op it hynder te klimmen, mar dat slagge net. It hynder liket sawol oan de foarste as oan de achterste skonken kreupel te wêzen. It bist koe op eigen krêft stadich de pyste ferlitte. It is nei in diereklinyk yn Emmeloard ta brocht. De foarstelling is gewoan fierder gien.
De Stormruiter © Omrop Fryslân
Nei ôfrin melde de regisseur oan it publyk dat it hynder ûndersocht is yn de klinyk, en dat it goed ôfrûn is. It bist hat neat brutsen, en neat skuord.
De Stormruiter giet oer de ivige striid tsjin it wetter. Der dogge mear as hûndert Fryske hynders yn mei, en der binne rollen foar akteurs as Ellen ten Damme, Joop Wittermans en Freark Smink. Oan de ein fan it jier is it teäterstik by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.