FIDEO: Keninklike premjêre foar miljoeneproduksje De Stormruiter yn Ljouwert

08 sep 2018 - 20:49

Kening Willem-Alexander en Prinses Beatrix binne sneontejûn yn Ljouwert foar de premjêre fan it teäterspektakel De Stormruiter. Prinses Beatrix is in grut leafhawwer fan it Fryske hynder, en se hat dan ek meardere kearen al by de jierlikse keuring fan de Koninklijke Vereniging Het Friesch Paarden-Stamboek west.

De keninklike gasten binne ûntfongen troch de kommissaris van de Kening, Arno Brok, en de boargemaster fan Ljouwert, Ferd Crone.

De earste foarstelling fan De Stormruiter is al moannenlang stiif útferkocht. It stik wurdt sjoen as ien fan de grutste eveneminten fan Kulturele Haadstêd.

Achter de skermen

Earder seach Omrop Fryslân al achter de skermen fan De Stormruiter. De reportaazje dy't we doe makken, is hjirûnder te besjen.

De Stormruiter giet oer de ivige striid tsjin it wetter. Der dogge mear as hûndert Fryske hynders yn mei, en der binne rollen foar akteurs as Ellen ten Damme, Joop Wittermans en Freark Smink. Oan de ein fan it jier is it teäterstik by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

Trefwurden: 
LF2018 De Stormruiter
(advertinsje)